Hennie Slagter

Sûnt 2012 wenje ik mei myn frou mei in soad nocht yn Appelskea. Opwaakse op it plattelân tusken de pleatsen yn it westen fan it lân, fielt Appelskea foar my as echt thúskommen.

 

Troch in hege partiële dwarslaesie bin ik yn 2018 spitigernôch arbeidsûngeskikt wurden, mar stil efter de geraniums sitte past net by my. Ik wol myn kennis en kunde graach ynsette foar de mienskip. Nei in lange syktocht nei in passende manier om myn ekspertize te brûken, bin ik úteinlik telâne kommen by de VPO.

 

Myn bestjoerlike ûnderfining haw ik opdien yn tolve weardefolle jierren as skriuwer en fisefoarsitter fan de wurknimmersried by ien fan de grutste banken fan Nederlân.

 

De fisy en stânpunten fan de VPO slute naadloos oan by myn eigen oertsjûgingen, en ik bin bliid dat ik myn bydrage leverje kin yn de kommisje Romte.