ALDEREN EN JONGEREN – fertrouwen yn minsken

 

De VPO leaut dat âlderen en jongeren sels it bêste witte wat se nedich hawwe. Wy wolle harkje yn stee fan oplegje. In soad belied wurdt efter in buro betocht, mar ús gemeente wurdt makke troch minsken yn it echte libben. Wy tinke net foar ynwenners, mar mei harren.

 

Alderen- en jongerenrûnten dy’t de ried streekrjocht advisearje

De Frije Partij Ooststellingwerf wol dat âlderen en jongeren in echte stim krije yn wat de gemeente beslút. Dêrom wolle wy fêste rûnten dêr’t sy harren ûnderfining, winsken en ideeën streekrjocht oan de gemeenteraad oerbringe kinne.

Alderen kenne de mienskip fan binnenút. Jongeren bringe nije enerzjy en fernijing. Tegearre ûntstiet belied dat wier past by Ooststellingwerf. Eltsenien moat ienfâldich syn miening jaan kinne. Op ús webside kin elkenien reagearje, ideeën diele en meiprate (In het Nederlands). De VPO soarget derfoar dat dizze reaksjes ek sichtber meinaam wurde yn ús fragen en ynbring yn de rie. Harkje is it begjin fan goed bestjoer.

 

Tagonklike en betelbere thússoarch

De Frije Partij Ooststellingwerf fynt dat elke ynwenner rjocht hat op goede en betelbere soarch oan hûs. Alderen moatte sa lang mooglik thús wenje kinne, mei help dy’t fluch en simpel te regeljen is.

 

Wy beseffe dat it personielstekort yn de soarch grut is. Dêrom moat de gemeente soarchmeiwurkers better stypje en hâlde, troch minder regeltsjedruk en mear wurdearring.

 

Thússoarch moat minsklik en berikber wêze, net in doalhôf fan formulieren en loketten. Soarch heart tichtby, ek as der druk op it systeem stiet.

 

Ek foar soarch, boadskippen en sosjale kontakten is ferfier wichtich. Dêrom fynt de VPO dat alle AOW’ers fergees mei it iepenbier ferfier reizgje kinne moatte. Dat jout frijheid en ferminderet iensumens.

 

Mear stipe foar mantelsoargers

Mantelsoargers drage faak dei en nacht soarch foar in dierbere. Dat dogge se út leafde, net út plicht. Dat fertsjinnet respekt én stipe. De gemeente hat in mantelsoarchcoach dy't har mei hert en siel ynset foar mantelsoargers. Dat wurdearje wy. Mar wy wolle ek dat de gemeente soarget dat har wurk better sichtber, breder draacht en better stipe wurdt, sadat mear mantelsoargers har wei fine nei help en ûntlasting. Wa’t foar in oar soarget, moat witte dat de gemeente ek foar him of har klear stiet.

 

Minder regels, mear maatwurk

Te faak rinne minsken fêst yn in web fan regels, formulieren en loketten. De Frije Partij Ooststellingwerf wol mear romte foar maatwurk en sûn ferstân. De gemeente moat fanút de minske tinke, net fanút it formulier. Ien dúdlik kontaktpunt, flugge oplossingen, en fertrouwen yn de ynwenner. Net alles past yn in proseduere – en dat hoecht ek net. De minske moat wer sintraal stean.