Sietse Derks

Berne as Fries, grutbrocht yn Brabant, en ûnderwilens al hast 30 jier wenjend yn Fochteloo, dêr’t ik mei in soad nocht mei myn partner tegearre wenje.

 

Yn it deistich libben bin ik kommersjeel manager by Parlevliet & Van der Plas, dêr’t ik wurkje foar Ouwehand Visverwerking út Katwijk en Heiploeg út Zoutkamp.

 

De útdagings dy’t wy yn Fochteloo en yn ús plattelânsgemeente ûnderfine, sjogge wy ek yn de fiskerij werom. Oerheidsmaatregels en in soad beheiningen soargje derfoar dat fisk hieltyd djoerder wurdt.

Fan hûs út bin ik liberaal grutbrocht en hiel romtinkend. Tagelyk bin ik ek frij konservatyf en hechte oan noarmen, wearden en tradysjes. De mienskipssin en freugde dy’tst tsjinkomst by in doarpsfeest of by in Peaske(fjoer) binne foar my lytse loksmominten dêr’t ik my graach yn ûnderdompelje.

 

Ik bin letterlik in sneinsbern, en fyn it moai en wichtich om minsken te helpen om ek wat lok en bliidskip yn harren libben te bringen. Dêrom bin ik destiids ek yn de polityk begûn. Ik bin riedslid en wethâlder west. Yn myn frije tiid jou ik kursussen oan begjinnende politisy: presintearjen, debattearjen, mar ek wat it ynhâldt om riedslid te wêzen. Dêrby komt fansels ek it ferskil oan bod tusken it sitten yn de koälysje of de opposysje. Hoe giest dêrmei om?

 

Dêrneist fuotbalje ik noch sa no en dan, bin ik klupskiedsrjochter en koartlyn bin ik bestjoerslid wurden by Dorpsbelang.

 

Doe’t ik frege waard om wer aktyf lid te wurden fan de VPO, haw ik der earst goed oer neitocht en in ôfwoegen beslút nommen.

 

De minsken dy’t op dit stuit de VPO foarmje, hawwe my úteinlik oertsjûge. Se wolle mei de partij foarút. De VPO is gjin tsjinpartij, mar in partij dy’t bestjoere wol. Minder lêsten foar ynwenners en bedriuwen, foarrang foar eigen ynwenners by wenbou en wenningtaferdieling, gjin fjoerwurkferbod – en sa kin ik noch wol efkes trochgean. It is ek in partij mei moed, dêr’t transparânsje heech yn it findel stiet. Dat past my wol.